Eask saak-Heijltjes: 15 jier

31 okt 2013 - 14:49
  • Justysje

Tsjin de 33-jierrige fertochte fan de moard op Marijke Heijltjes út Easterwâlde is 15 jier selstraf en tbs easke. Dat waard tongersdei bekend yn de rjochtsaak tsjin de man. Hy wurdt derfan fertocht it slachtoffer meardere kearen mei in mes stutsen te hawwen. Dat mes soe er letter ek brûkt hawwe by oerfallen yn Bakkefean en Easterwâlde.

De advokaat fan de fertochte seit dat er him net fine kin yn de strafeask. Syn kliïnt soe nea fan doel west hawwe frou Heijltjes om it libben te bringen. Dat barde allinnich om't se har fersette.

Earder melde Omrop Fryslân dat de 33-jierrige man ek fertocht wurde soe fan it yn besit hawwen fan berneporno. Dêr is lykwols gjin sprake fan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)