Stoarmskea oan Fryske tsjerken

31 okt 2013 - 14:43

De skea oan tsjerken troch de stoarm liket ta te fallen yn Fryslân. Dat meldt de stifting Alde Fryske Tsjerken. Mei-inoar rûnen 17 tsjerken skea op, foaral troch ôfwaaide dakpannen. It giet om in skeabedrach fan tusken de fiif en tsientûzen euro. Alde Fryske Tsjerken is dêr net foar fersekere, mar oerwaget no dochs om in fersekering ôf te sluten.

Oan tsjerken dy't net yn besit binne fan de stifting wurdt ek skea melden. Sa is der in lytse spits fan de Bonifatiustsjerke yn Ljouwert ôfwaaid, en stiet it hoantsje op de toer fan Stiens bryk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)