Noch gjin iis yn iishockeyhal

Der kin noch hieltyd net iis makke wurde yn de iishockeyhal fan Thialf. In stikkene kompressor is dêr de oarsaak fan. Der wurdt yn Thialf hurd wurke om it probleem op te lossen, mar oant no ta is dat noch net slagge. It betsjut dat de iishockeyers fan de UNIS Flyers dizze wike al twa wedstriden ôfsizze moasten. Woansdei waard de wedstriid tsjin Dordrecht Lions ôfsein. Freed giet de wedstriid tsjin Eindhoven Kemphanen net troch. Thialf direkteur Eelco Derks koe tongersdeitemiddei noch net sizze wannear't der wol wer iis makke wurde kin.