Wedstriid UNIS Flyers skrast

De Flyers wiene sneon folle sterker as Dordrecht © Nicolien Sijtsema
De wedstriid fan iishockeyklup UNIS Flyers tsjin Eindhoven dy't foar freed op it programma stiet, giet net troch. It iis yn de iishockeyhal fan Thialf is te tin, as gefolch fan problemen mei de kuolynstallaasje. It is de twadde wedstriid dizze wike dy't net spile wurde kin fanwege it tinne iis. Utwike nei in oare iishal is foar de UNIS Flyers gjin opsje, omdat der dan grut finansjeel ferlies is.
Wat de oarsaak fan de technyske problemen yn Thialf is, is net dúdlik. Ek is noch ûnbekend hoe lang de swierrichheden mei it iis noch duorje sille.