2 ferwûnen by ûngelok Jouswier

31 jan 2012 - 13:37

By in ûngelok op de Lauwersseewei by Jouswier binne tiisdeitemiddei twa minsken ferwûne rekke. Se binne mei in ambulânse nei it sikehûs yn Dokkum brocht. By it ûngelok wiene fjouwer auto's belutsen.

De oarsaak is noch ûnbekend. De Lauwersseewei wie fanwege it ûngelok fan beide kanten in skoft lang ôfsletten foar al it ferkear.

Trefwurden: 
ûngelok Lauwersseewei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)