Jildboete foar Cambuur

© ANP foto
SC Cambuur krijt in jildboete fan € 2500 foar de ûngeregeldheden by de thúswedstryd tsjin FC Grins op 17 augustus 2013. Supporters fan beide klups misdroegen har by dy wedstriid. Cambuur moat nochris € 2500 betelje as der binnen it jier wer ûngeregeldheden binne.
FC Grins mei by de earstfolgjende útwedstryd tsjin SC Cambuur yn de kompetysje, KNVB-beker of play-offs gjin publyk meinimme. Dat stiet yn it skikkingsfoarstel fan de oanklager betelle fuotbal. FC Grins giet net akkoart mei it skikkingsfoarstel.