Nij stadion Cambuur ûndersykje

Cambuurstadion © Omrop Fryslân, Geert van Tuinen
Nei de mooglikheden foar in nij stadion foar Cambuur moat in helberensûndersyk komme. Dat fynt de PvdA-fraksje fan de gemeente Ljouwert. Se roppe it kolleezje op om mei de sportklup nei de mooglikheden te sjen. Cambuur is fan grutte wearde foar Ljouwert en neffens de partij binne der kânsen om dizze posysje fierder út te bouwen. Sa kin Cambuur bygelyks ferbûn wurde oan de Kulturele Haadstêd of kin de klup meidwaan oan sosjale projekten.
Nijbou soe kinne op it hjoeddeistige plak of op in oare lokaasje yn de stêd.