Timpaan: saken wol op oarder

30 okt 2013 - 14:28

De wolwêzenorganisaasje Timpaan kin him net weromfine yn de krityk fan de gemeente Opsterlân. De gemeente leit Timpaan in twangsom op om't út ûndersyk fan de GGD bliken docht dat yn de measte pjutteboartersplakken de saak noch hieltyd net goed foar mekoar is. Neffens bestjoerder Peter van Zwol binne de grutte saken lykas de ferklearrings fan goed gedrach fan liedsters, stazjêres en frijwilligers allegear al lang yn oarder makke. It giet neffens him inkeld noch om lytse dingen as in spegel en in finsterbank, dy't oanpast wurde moatte.

Timpaan krijt fan de gemeente oant 11 novimber de tiid om dizze saken yn oarder te meitsjen. Dat sil slagje, fersekeret Van Zwol.

Trefwurden: 
Opsterlân GGD twangsom Timpaan
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)