'Bosken noch net feilich'

Beam stiet op omfallen yn park by Stania State by Oentsjerk © Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
De bosken yn Fryslân binne de hiele wike noch ûnfeilich. Steatsboskbehear warskôget minsken dan ek dat se dêr net komme moatte. Ynearsten like it dat it gefaar woansdei wol wer foarby wêze soe, mar de skea troch de stoarm fan moandei is grutter as tocht waard. Ek wurdt minsken ôfret om sels omfallen beammen te seagjen.
It hout stiet op spanning en kin by it seagjen alle kanten opsjitte, en dat kin tige gefaarlik wêze, seit Steatsboskbehear.