Harns as foarportaal skipsbou

30 okt 2013 - 12:14

Harns moat it foarportaal fan de Fryske skipsbou wurde. Dat wolle de Fryske skipsbouwers. De Fryske havenstêd moat folle mear bekendheid krije yn it bûtenlân, sadat de reders har skippen yn Harns reparearje of bouwe litte wolle. Om dit te berikken túgje de werven it gearwurkingsferbân 'Harlingen Ship Repair' op.

Se begjinne 1 jannewaris 2014 op it terrein fan Damen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)