Hiem wurdt ruïne troch stoarm

De famylje Meijer yn Houtigehage is swier troffen troch de stoarm fan moandei. Fan de 40 mânske beammen dy't oan har oprydleane stiene, steane noch mar twa oerein. Dêrmei is it libbenswurk fan Meijer folslein ferlern gien. It hiem is in folsleine ruïne. De skea fan de 30 meter hege beammen en it opromjen komt op sa'n 50.000 euro. It hûs is frijwol ûnberikber, de telefoan is dea en de idylle fan lanlik wenjen yn Fryslân is foarby. De fersekering betellet net en de gemeente lit neat fan him hearre seit de famylje.