Frans Bauer by Omrop Fryslân

30 okt 2013 - 11:42

De populêrste folkssjonger fan Nederlân Frans Bauer is woansdei te gast by Omrop Fryslân. De sjonger út Brabân is yn Fryslân om syn nije cd 'De mooiste jaren komen nog' te promoatsjen. It is alwer syn trettjinde album dat op op nûmer 1 kaam is.

Middeis op de radio sjongt Frans Bauer yn Noardewyn live twa ferskes fan syn nije album. Harkers kinne fragen ynstjoere. Dat kin nei: nw@omropfryslan.nl. Presintator Willem de Vries hellet de aardichste derút en leit se yn 'e útstjoering oan de sjonger foar.

Jûns op televyzje skoot de sjonger oan yn Bynt en sit dêr tsjinoer syn Fryske look-a-like Appie Scheer út Ljouwert. Scheer wurdt faak frege om as dûbelgonger foar Frans Bauer op te treden.

Trefwurden: 
Omrop Fryslân Frans Bauer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)