Jonge fytser mishannele

Plysje-embleem © ANP
In 31-jierrige man út Ljouwert is tiisdeitemiddei oanhâlden nei't er op it Cambuurplein in 13-jierrige jonge in mishannele hawwe soe. De man soe de jonge yn 'e auto fan syn fyts riden hawwe. Doe't de jonge mei syn foet de auto rekke, wurke de man it slachtoffer neffens tsjûgen tsjin 'e grûn en makke syn mobile tillefoan stikken. De Ljouwerter is meinaam nei it buro dêr't er de nacht trochbrocht hat. Neffens de fertochte hie er de jonge wol fan de fyts skuord, mar hannele er dêrnei út selsferdigening.