NAM mei mear gas Waadsee winne

De NAM mei trochgean mei ekstra gaswinne yn de Waadsee. De Ried fan Steat docht dy útspraak nei oanlieding fan beswier fan tal fan eilânbewenners, dy't har ferienige ha yn it Comité Tegengas en it Comité Waakvlam. De rie karde fiif ferliende fergunnings goed. Mei dizze fergunnings kin de NAM twa kear sa folle gas winne as oan it begjin fan it projekt it doel wie.
De ried basearret de útspraak op basis fan mjittingen en rekkenmodellen fan de NAM en it ministearje fan Ekonomyske Saken, dêr't út bliken docht dat dizze wize fan gaswinnen net foar ûnakseptabele risiko's foar feiligens, kustferdigening en it miljeu soarget. De beswiermakkers binne benaud dat de ekstra winning liede kin ta ierdbevings lykas yn Grinslân. Mar neffens de rjochters is de situaasje fan it Waadgebiet net te ferlykjen mei dy yn Grinslân.