Asbestgefaar yn Willemshaven

30 okt 2013 - 09:48

In part fan de Willemshaven yn Harns is foar de wissichheid ôfsletten om't der mooglik asbest frijkaam is troch de stoarm fan moandei. Yn it havengebiet ha twa gebouwen swiere skea oprûn. As de stikken fan de gebouwen dy't loshingje, noch fierder stikken geane trochdat der oerhinne rûn of riden wurdt, kinne asbestfezels frijkomme. De gemeente hat dêrom mei in needferoardering it havengebiet foar in part ôfsletten. In spesjalisearre bedriuw sil woansdei oan de slach om de saak op te rêden.

Trefwurden: 
Harns asbest stoarm
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)