De Friesland ferleget preemje

Kantoar fan De Friesland yn Ljouwert
Soarchfersekerder De Friesland docht syn preemje nei ûnderen mei 107 euro yn it jier. Dat is hast njoggen euro yn de moanne. De moanlikse preemje komt dêrmei te lizzen op 97,95 euro. De soarchfersekerder kin de preemje nei ûnderen dwaan trochdat de medisinen goedkeaper wurden binne. Dêrnjonken kin De Friesland wat fan it bedrach ôfdwaan troch ferbetteringen yn de soarch. Sa kinne relatyf maklike yngrepen no ek troch de hûsdokter dien wurde. Dat skeelt yn de kosten.