Timpaan krijt twangsom oplein

30 okt 2013 - 05:58

De wolwêzenorganisaasje Timpaan hat in twangsom oplein krigen fan de gemeente Opsterlân. Nei ûndersyk fan de GGD docht bliken dat yn de measte pjutteboartersplakken de saak noch hieltyd net goed foar mekoar is, wylst de gemeente al earder warskôge hat. It giet neffens wethâlder Wietze Kooistra fan Opsterlân om lytse saken, lykas dokuminten dy't net yn oarder wienen. Der is gjin sprake fan gefaar foar de bern. Foar 11 novimber moatte de oertredings ferholpen wêze. Mocht dit net slagje, dan moat Timpaan in boete betelje.

Hoe heech de boete wurdt is noch net dúdlik. Dy kin per gefal oprinne oant maksimaal 3000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)