Cambuur fierder nei penalty's

30 okt 2013 - 00:20
  • Paco van Moorsel oan de bal
  • Jodi Lukoki yn aksje tsjin NAC

Cambuur is in ronde fierder yn it bekertoernoai. De Ljouwerters wûnen nei ferlinging fia penalty's fan NAC Breda. Cambuur wie de bettere ploech. Kaam troch goals fan Ritzmaier en Cristovao al yn de earste helte op in 2-0 foarsprong, mar wist dy foarsprong nettsjinsteande in protte kânsen net út te wreidzjen. NAC kaam op 2-2 en yn de ferlinging waard net skoard.

Penalty's moasten de beslissing bringe. Yn dy searje misten Kwakman en Lurling foar NAC en Dijkstra foar Cambuur. De beslissende penalty waard binnen sketten troch Lucas Bijker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)