Aris ferliest dik fan Grins

29 okt 2013 - 22:36

De basketballers fan Aris ha tiisdeitejûn mei 91-57 dik ferlern fan en yn Grins. Aris spile net goed. Nei fjouwer minuten wie it al 17-2 foar de Grinzers. It is it twadde ferlies op rige yn in útwedstryd. Dat Aris der net oan te pas kaam, blykt wol út de stannen. Nei it 1ste kwart stie it 25-9, it 2e kwart waard ôfsletten op 44-23, nei it skoft wie it 68-42 en it lêste kwart spilen de Grinzers allinne mei Nederlânske spilers dy't de einstân bepaalden op 91-57. Snein moat de ploech nei Swolle ta en dat team hat alles oant no ta wûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)