340 keallen dea by brân

By in brân op in keallemesterij yn Aldhoarne binne tiisdeitejûn 340 keallen omkaam. De brân ûntstie om goed kertier oer sânen hinne yn de waskynstallaasje yn ien fan de loadsen fan it agrarysk bedriuw oan de Tjongervallei. De brânwacht rukte mei trije korpsen út om it fjoer te bestriden. Se hiene dit gau ûnder kontrôle, mar koene de measte bisten net mear rêde. De keallen binne troch ferstikking omkaam.
Mooglik tweintich keallen koene wol op tiid rêden wurde. Trije bistedokters sille se noch ûndersykje.
By de brân is asbest frij kaam. Dat hat de gemeente Hearrenfean woansdei befêstige nei't ûndersyk dien is. De asbest leit allinnich op it hiem fan de pleats en net dêr bûten. Tongersdei wurdt it fuorthelle en wurde de deade bisten ek opromme.