Plan foar platfoarm fernijing

29 okt 2013 - 16:29
  • Presintaasje gearwurking skoallen-bedriuwen foar ekonomyske fernijing

Fryslân moat fernije op ekonomysk mêd. Dêrom sykje it heger en middelberopsûnderwiis gearwurking mei it bedriuwslibben en de oerheid. Tiisdeitemiddei waarden de plannen presintearre op in plak yn Ljouwert dêr't oan studintehúsfesting boud wurdt.

Stenden, de NHL en de ROC's yn Ljouwert wolle de ekonomy yn Fryslân nei in heger plan bringe troch gearwurking en ynspylje op de fraach út it bedriuwslibben. Dat moat bygelyks risseltearje yn seis ynnovaasjewurkplakken. Hoe't it betelle wurdt en hokker bedriuwen meidogge, is noch net dúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)