Tiisdei 18.00 oere farferbod

It provinsjehûs yn Ljouwert
De provinsje stelt tiisdeitejûn om seis oere in farferbod yn. De provinsje stelt it ferbod yn sadat it iis oangroeie kin, sûnder dat it troch de skipfeart fernield wurdt.
Op it Prinses Margrietkanaal, it Van Harinxmakanaal, de eastlike en westlike ynfeart fan Ljouwert, de Houkesleat oant en mei de yndustryhavens en de farwegen nei Drachten en It Hearrenfean mei noch wol fearn wurde. As de froast oanhâldt kin de provinsje letter beslute dat ek dizze farwegen ticht gean foar it skipfeartferkear.