Soad stoarmskea yn Harns

29 okt 2013 - 12:14
  • In loads yn Harns hat skea troch stoarm én troch fandalen
  • Skea yn loads yn Harns
  • Troch de stoarm fan moandei is de gevel ynfallen
  • Multyfunksjoneel sintrum yn Harns foarearst ûnbrûkber

Yn Harns is de skea fan de stoarm grut. It multyfunksjoneel sintrum kin skoften net brûkt wurde, omdat it dak hielendal ferrinnewearre is. Oan de âlde Willemshaven binne loadsen ek hielendal stikken rekke. Yn ien fan de loadsen stean in tal oldtimers. Dêr hawwe tiisdeitemoarn fandalen oan de gong west en stiennen troch de autoruten smiten.

Op de Lanen, dêr't it Lanenkeatsen altyd plakfynt, binne sân beammen omgien. Yn de rest fan de stêd en oan de nije Willemshaven is ek in soad skea.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)