Brân yn Droegeham
Yn in wenning oan de Bosmastrjitte yn Droegeham hat moandei brân west. It fjoer ûntstie oan de efterkant fan it hûs. De bewenners wiene op dat stuit net thús.
Buorlju warskôgen de brânwacht. Dy hie it fjoer gau ûnder kontrole. De plysje ûndersiket de oarsaak fan de brân.