Oanhâlden foar dieverij metaal

29 okt 2013 - 11:55

In 31-jierrige Ljouwerter is moandeitenacht oanhâlden op fertinking fan it stellen fan metaal. De plysje seach him fytsen op de Aldlânsdyk mei wat ûnder de jas. Doe't de plysje him oanspruts, naaide er út. Mar hy koe even letter op de Jansoniusstrjitte oanhâlden wurde.

Bliken die dat de man rollen aluminium by him hie. Dy binne fan in bedriuw oan de Aldlânsdyk. De man is fêstset op it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)