Skea Toverlantaarn 'falt ta'

De skea oan it guod út berneboekwinkel de Toverlantaarn oan de Kelders liket ta te fallen. De Toverlantaarn is ien fan de gebouwen dy't troffen waard troch de grutte brân fan ferline wike yn Ljouwert. It winkeltsje stiet tsjin de ferbrânde gebouwen oan.
De selsmakke kasten en oar lyts guod út de winkel binne in pear dagen nei de brân oerbrocht nei in loads yn Dokkum. Dat wie de rêding foar Antoinette van den Berg har berneboekwinkeltsje. Hie it guod noch langer yn de winkel oan de Kelders stien, dan hie it hielendal net meer brûkber west.