Plysje pakt ynbrekker op

31 jan 2012 - 11:18

De plysje hat tiisdeitemoarn yn Ljouwert in ynbrekker oanhâlden. In tsjûge seach twa manlju oan it ynbrekken oan de Oenemastate en warskôge de plysje. De plysje sette in Burgernetaksje op. Mear as 1200 minsken krigen in oprop. Mei de help fan it publyk koe de plysje ien ynbrekker oanhâlde.

It gie om twa donkere manlju. Ien dêrfan hie in soad gouden tosken.

Trefwurden: 
ynbrekker burgernet
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)