Hast 600 meldings stoarmskea

De brânwacht yn Fryslân hat tusken tsien oere moandeitemoarn en trije oere moandeitemiddei 590 meldings krigen fan stoarmskea yn de provinsje. Ferskate korpsen binne de hiele dei dwaande om de gefolgen fan de stoarm, lykas omwaaide beammen, op te rêden. Der binne gjin minsken slim ferwûne rekke troch de stoarm.
Troch de stoarm ûntstiene op ferskate diken yn Fryslân gefaarlike sitewaasjes. De A6, A7, de Wâldwei en de dyk tusken Ljouwert en It Hearrenfean waarden koarte tiid ôfsletten.
De brânwacht moast ek optrede op it wetter. By Makkum gie it om surfers dy't op de Iselmar aktyf wiene en by Offenwier moast de brânwacht opfarrenden fan in op drift sleine speedboat rêde. De trije persoanen oan boat wiene net taret op de stoarm en waarden mei ûnderkuolllngsferskynsels fan boat helle. De brânwacht sette by de rêdingsaksje twa dûkteams, in oerflak-rêdingsteam en twa boaten yn.