Omwaaide beammen oprêde

28 okt 2013 - 15:24

De brânwacht hat it op dit stuit yn Fryslân drok mei it opromjen fan skea troch de stoarm. It giet dan benammen om omwaaide beammen. Dy lizze rûnom yn de provinsje, somtiden blokkearje se ek diken, fytspaden en stoepen. Dêrtroch binne op in oantal plakken ek trochgeande diken ôfsletten, it giet dan ûnder oare om de Hindrik Algrawei tusken Boksum en Goutum.

Earder wiene ek de Wâldwei en de A6 ôfsletten, mar dy binne yntusken wer iepen.

Troch it omwaaien fan beammen binne op ferskate plakken ek wetterliedings rekke. Wetterbedriuw Vitens set personiel út oare provinsjes yn om de stikkene liedingen te meitsjen.

Tusken de middei hat de plysje in NL-alert útgean litten om minsken op te roppen net de doar út te gean. Boargemaster Ravestein fan Opsterlân kaam ek mei dy oprop. Yn har gemeente binne opnij in soad beammen omwaaid. Fan 't simmer wie dat ek al it gefal troch in saneamde 'falwyn'.

In tal bedriuwen en skoallen hat tusken de middei de doarren tichtdien omdat der skea ûntstie. Under oare de learlingen fan Piter Jelles Ynsicht en it Lauwerskolleezje yn Bûtenpost binne nei hûs stjoerd.

Ynwenners fan Garyp rêde sels de omwaaide beammen yn it doarp op. Op twa plakken is de wetterlieding stikken rekke troch woartels fan omwaaide beammen. It doarp sit sûnder wetter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)