Meldings oer wetterskea

Wetterliedingbedriuw Vitens hat sûnt it útbrekken fan de stoarm sawat sechstich meldings krigen oer wetterskea. Yn mear as de helte fan de gefallen is dat kommen omdat omfallende beammen de wetterlieding stikkenlutsen hat. Fryslân is dêrmei de hurdst troffen provinsje troch de stoarm, seit wurdfierster Judith Zuijderhoudt fan Vitens.