Twifelgefallen by Cambuur

28 okt 2013 - 13:05

Cambuur spilet tiisdei yn de twadde ronde fan de nasjonale beker thús tsjin NAC Breda. De Ljouwerters begongen de kompetysje dit jier ek tsjin de klup út Breda. Dy wedstriid einige doe yn 0-0. Der binne hjir en der noch wol wat twifelgefallen yn de seleksje. Michiel Hemmen hat wat lêst fan de knibbel en Marcel Ritzmaier beëinige de lêste training earder omdat hy him net goed fielde. Der binne foar dizze bekerwedstriid amper 4 tûzen kaarten ferkocht. Seizoenkaarthâlders kinne moandei noch in kaart keapje foar € 7,50. Dêrnei is it tsien euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)