Stoarm raast oer Fryslân

28 okt 2013 - 12:16
  • Beam op auto oan Iewâl yn Ljouwert
  • Dakbedekking fan NHL yn Ljouwert ôfwaaid
  • Beam op Wâldwei

It tal meldings fanwege de stoarm is oprûn ta goed hûndert. Der belje safolle minsken dat der in wachttiid is by de meldkeamer. De meldkeamer makket bekend inkeld te beljen as it echt nedich is.

Der binne in soad beammen omfallen. Fan de hegeskoalle NHL yn Ljouwert waaiden platen ôf en fan de iepenbiere biblioteek is in daksgoatte stikkenwaaid. Op de Wâldwei is in beam waaid.

De gemeente Opsterlân ropt bewenners op om thús te bliuwen. Op de A6 by De Lemmers is in frachtauto fan de dyk waaid. De trein fan Ljouwert nei Grins riidt net.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)