Ferlies Flyers yn ekstra tiid

De Flyers wiene sneon folle sterker as Dordrecht © Nicolien Sijtsema
De iishockeyers fan de UNIS Flyers ha foar de twadde kear dit seizoen ferlern fan Herentals. Yn België barde dat yn de ekstra tiid: 5-4. Nei trije perioaden wie it 4-4 (2-3, 1-1 en 1-0). Foar de Flyers fûnen Kevin Bruijsten (2), Nick Kuiper en Sander Dijkstra it net. Yn de ferlinging bruts in straf fan Flyer Joey Oosterveld de ploech fan trainer Chris Eimers op. Evan Mosey profitearre foar Herentals optimaal. De kommende wike krije de Flyers it drok mei wedstriden tsjin Den Haach (út), Dordrecht (thús), Eindhoven (thús) en Geleen (út).