KNMI jout koade read ôf

28 okt 2013 - 07:13

It KNMI hat moandeitemoarn yn ferbân mei de stoarm koade read ôfjûn foar it noarden, midden en westen fan it lân. Koade read is it heechste waaralarm.

De warskôging jildt fan acht oere ôf oant en mei de earste helte fan de middei. Der is kâns op tige swiere wynstjitten. Yn it Waadgebiet kin de wyn oant 140 kilometer yn de oere helje.

Trefwurden: 
wyn stoarm KNMI waaralarm
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)