Hichtepunt stoarm middeis
It hichtepunt fan de stoarm leit moandei krekt nei de middei boppe Fryslân. Waarman Piet Paulusma warskôget dat it flinke oerlêst jaan kin. Fryslân krijt it meast swiere gedielte fan de stoarm oer har hinne.
Boppe lân hat de wyn krêft 9 of 10, yn it Waadgebiet kin it oprinne oant krêft 11 of 12. De wynstjitten kinne snelheden hawwe fan 140 kilometer yn de oere.