Plysje siket travestyt mei mes

Burgernet © Omrop Fryslân
De plysje yn Drachten siket in travestyt fan 25 oant 30 jier dy't minsken op strjitte mei in mes bedriget. Dat wie moandeitejûn it gefal by in jonge (17). Dy stie mei freonen te praten doe't de travestyt lâns kaam en spul krige mei de jonge. Hy waard sa lilk dat hy de knaap in mes op de kiel sette.
Earder op de jûn wie itselde bard by in oare Drachtster (19). Nettsjinsteande in burgernetaksje waard de travestyt net fûn. De man is sa'n 1.85 meter lang en hie in swarte legging en learzens mei hege hakken oan.