Frysk Skipfeartmuseum 75 jier

Yn Snits is snein it 75-jierrich bestean fan it Frysk Skipfeartmuseum fierd. Neffens direkteur Meindert Seffinga kin it tal aktiviteiten en meiwurkers op peil bliuwe, ek al steane de subsydzjes oan kulturele ynstellings ûnder druk. Neffens Seffinga hat it museum in goede basis.
It jubileum waard fierd mei de besikers, sy koene foar 75 eurosint it museum yn en der wiene ekstra aktiviteiten. It museum is oprjochte, omdat der yn Snits gjin goede minwaar-foarsjennings wiene.