Thijsje Oenema hie hûdkanker

27 okt 2013 - 16:07
  • Thijsje Oenema wint 500 meter

Reedrydster Thijsje Oenema makke snein bekend dat sy de ôfrûne wike behannele is foar hûdkanker. Fjouwer wike lyn waard in moederflek fuorthelle en ûndersocht. Doe die bliken dat it om in melanoom gong, in tige agressive foarm fan hûdkanker. De moederflek en de hûd deromhinne binne fuorthelle en Oenema is no wer hielendal genêzen.

Se hat gelok hân dat se it plak sa gau fuorthelje litten hat, oars hie it wol hiel oars útpakke kinnen. Se hoecht no net fierder behannele te wurden en hoecht har trainingen ek net oan te passen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)