Marrit Leenstra wint 1000 m

Marrit Leenstra fan Wikel is snein nasjonaal kampioene op de 1000 meter wurden. Se die dat yn in tiid fan 1.15.38, se bleau dêrmei Ireen Wüst mar fjouwerhûnderste foar. It brûns wie foar Lotte van Beek yn 1.15.49. It wie foar Leenstra de tredde kear dat se kampioene waard op de 1000 meter.
Margot Boer fan Goaiïngaryp waard 4e. Manon Kamminga fan It Fean pakte it 6e plak en Antoinette de Jong fan Rottum waard 8e.