Drugskontrôles yn Fryslân

27 okt 2013 - 14:34

De plysje hat sneontejûn yn Frjentsjer en Ljouwert in drugskontrôle hâlden. Mei help fan in drugshûn waarden stappers kontrolearre op it besit fan drugs. Yn Frjentsjer waard ien persoan oanhâlden, mar letter die bliken dat hy neat by him hie.

Yn Ljouwert waarden wol 14 minsken betrape op it by har hawwen fan drugs. De measten hiene allinnich drugs foar eigen gebrûk by harren, sy waarden wer frijlitten. In 20-jierrige man út Gouda en in 31-jierrige Ljouwerter waarden wol ynsletten op it buro.

De man út Gouda hie noch in soad boetes iepenstean, de Ljouwerter hie ek in wikkel mei kokaïne by him, mear as foar eigen gebrûk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)