Brûns foar Sjoerd de Vries

Sjoerd de Vries fan Twellingea hat snein brûns wûn op de 1000 meter by it NK ôfstannen op Thialf. Winner fan de ôfstân waard Kjeld Nuis yn in tiid fan 1.08.84, twadde waard Koen Verwij, hy klokte 1.09.20.
De tiid fan Sjoerd de Vries wie 1.09.32 en dus goed foar in tredde plak en dêrmei in startbewiis foar de earste wrâldbekerwedstriden fan it nije seizoen.