Gjin Fryske winst yn maraton

Jorrit Bergsma © ANP
De tredde wedstriid op de KPN maraton cup is sneontejûn yn Deventer wûn troch Frank Vreugdenhil. De BAM-ploech moast yn Deventer genoegen nimme mei it 2e, 3e en 4e plak, dy wiene foar Alexis Contin, Bob de Vries en Jorrit Bergsma.
By de froulju gong de winst nei Janneke Ensing. De bêste Friezinne wie hjir Maria Sterk fan Hallum, sy einige op it fjirde plak.