Feanster oppakt by stekpartij

27 okt 2013 - 13:44

In 27-jierrige man fan It Hearrenfean is fannacht oanhâlden, hy wurdt fertocht fan húsfredebreuk en poging ta deaslch. De man hie earder in rút ynslein by in hús oan de Kempenaerssingel en wie it hús yn gien. Doe't de bewenster mei in freon thúskaam, stie de fertochte harren op te wachtsjen. Der ûntstie in fjochtpartij dêr't in 23-jierrige Drachtster in oantal kearen mei in mes stutsen waard, hy rekke ferwûne oan de holle.

De plysje dy't op it tumult ôfkaam wie, hat de fertochte oanhâlden en meinommen nei it buro.

It slachtoffer is troch ambulânsepersoniel behannele. De bewenster en de man út Drachten hawwe oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)