Moandei stoarm mei krêft 12

27 okt 2013 - 09:58

We krije moandei swiere oant tige swiere stoarm. Dat seit waarman Piet Paulusma. De wyn kin neffens him yn it kustgebiet oanhelje oant wynkrêft 12. De dei begjint mei rein. Dat giet letter oer yn 'orkaanbuien'. Dit binne buien mei tonger, hagel en swiere wynstjitten.

De stoarm yn it Waadgebiet berikt moarn tusken 11 oere moarns en 3 oere middeis syn hichtepunt. Waarman Paulusma ferwachtet troch de stoarm in soad oerlêst en kâns op skea. Benammen omwaaide beammen kinne problemen feroarsaakje.

De provinsje hat bekend makke dat de brêgen yn Fryslân troch de hurde wyn beheind betsjinne wurde sille. It ANP melde snein dat der oan it begjin fan de middei al sprake wie fan stoarm by de kust by IJmuiden.

Minsken dy't stoarmfoto's hawwe, kinne dy stjoere nei foto@omropfryslan.nl of nei www.facebook.com/omrop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)