Winkeldief yn Bilgaard net fûn

Plysje-embleem © ANP
De plysje hat sneontemiddei om 'e nocht útsjoen nei in winkeldief yn Ljouwert. Dat wie om ûngefear healwei fiven yn it winkelsintrum Bilgaard. Neffens tsjûgen gong it om in man fan ûngefear 40 jier âld, fan bûtenlânske komôf, mei opfallend reade eagen en swarte klean. De plysje skeakele al gau burgernet yn, mar de man waard net mear oantroffen.