Cambuur wint fan FC Utrecht

Nei trije ferliespartijen op rige pakte Cambuur sneon yn de thúswedstriid tsjin FC Utrecht wer ris in oerwinning. It waard 3-1. Cambuur dominearre it grutste part fan de wedstriid mar kaam yn de 10e minút wol op efterstân. Ayoub makke de iepeningstreffer foar Utrecht. Cambuur krige wol kânsen, mar wist dy net te fersulverjen. Yn de twadde helte slagge dat wol. Hemmen, op moai oanjaan fan Lukoki soarge foar de 1-1. Erik Bakker sette Cambuur op foarsprong en yn de blessueretiid besliste Marcel Ritzmaier de wedstriid mei in moaie stiftbal.