Margot Boer kampioen 500 meter

26 okt 2013 - 17:51

Margot Boer fan Goaiïngaryp hat sneon foar de tredde kear de nasjonale titel op de 500 meter wûn by it NK ôfstannen op It Hearrenfean. Boer wûn de earste 500 meter en wie ek op de twadde rit de rapste mei in tiid fan 38,30, in kampioenskipsrekôr

It sulver wie foar Laurine van Riessen, dy't tredde waard op de twadde 500 meter mei 38,64. It brûns gong nei Thijsje Oenema fan De Jouwer, dy't op de twadde rit in meager fyfde plakje pakte mei 38,91.

Anice Das fan It Hearrenfean ferraste op de twadde 500 meter mei in knappe tiid fan 38,61, wêrmei't se twadde waard. Dêrtroch einige Das úteinlik as fyfde yn it klassemint. Op it fjirde plak yn it klassemint einige Marrit Leenstra, dy't in tiid fan 38,83 klokte. Dêrmei binne alle fjouwer Fryske froulju fersekere fan de wrâldbeker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)