Piet Schuijn de bêste omropper

26 okt 2013 - 17:08
  • It NK doarps- en stedsomropper yn Snits
  • It NK doarps- en stedsomropper yn Snits

It Nederlansk kampioenskip foar steds- en doarpsomroppers yn Snits is sneon wûn troch Piet Schuijn út Hattem. It twadde plak wie foar Bertus Krabbe út Kampen, tredde waard Harmen de Vries út Drylts. Oan it kampioenskip diene 12 omroppers mei. Yn tradisjoneel omropperskostúm moasten sy twa kear optrede. Earst mei in ferplichte opdracht, dêrnei in mochten se in selsbetochte tekst foardrage. Har ferrjochtings waard beoardield troch trije sjueryleden. It kampioenskip luts sa'n 500 belangstellenden.

It kampioenskip wurdt berekkene oer 8 wedstriden. De deipriis gong nei de Snitser stedsomropper Jan Sjoerd de Vries.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)