ONS mei 4-0 ûnderút tsjin GVVV

© AWfoto.nl
Topklasser ONS Boso Snits hat sneon mei 4-0 ferlern fan de nûmer fiif GVVV. Yn Veenendaal wie it nei in kertier rekke foar de thúsploech. Tjisse Kerkstra wie foar ONS ticht by de lykmakker, mar syn skot waard keard troch de keeper. De Snitsers krigen in ekstra domper te ferwurkjen doe't oanfierder Chris de Wagt it fjild per ambulânse ferlitte moast. GVVV kaam foar rêst op 3-0 troch twa treffers fan Dennis van Meegdenburg. Nei rêst tekene GVVV yn de 73e minút foar de einstân.
Troch it ferlies bliuwt de ploech fan trainer Bert Hollander op 12 punten wêrmei't se op it 10e plak stean yn de topklasse.