Frou mei 'babbeltrúk' aktyf

Plysjejas © ANP
Yn Ljouwert siket de plysje nei in frou dy't minsken mei in babbeltrúk bestellen hat. De fertochte, in frou mei heal lang hier, in swarte jas en rôze trui, bellet oan by minsken en besiket deryn te kommen mei in ferlechje.
Earder dizze wike kaam de plysje ek al mei in warskôging foar dizze dieven. De dieders binne meastentiids froulju dy't goed Nederlânsk prate.